Historie

Oprichting K.F. Set Troch

14 mei 1959 - Eerste notulen

Oantekens fan’e oprjochtersgearkomste fan de keatsforiening to Spannum.

Tongersdeitojoun 14 Meaije 1959 kamen man as tsjien keats leafhabbers gear bij G. Gerbranda om ris to praten oer it oprjochtsjen fan in keatsforiening. Troch dat er net folle bekindhyd oan joun wie, wiene er net mear kamen.

Nei in koart iepeningswurd fan ûnderskreane kamen de gearkomste los.
We waerden it allegearre oer iens, dat hjir yn Sannum in keatsforiening weze moat, en kin
en ek dat hjir ûnder de jonges wol goede keatsers sitte.

Yn’t twadde plak kaem oan’e oarder, oansluting bij de it boun, en welke. Mar de gearkomste like it better ta, om dit jier net oan to sluten, en dat mar oant de greatte gearkomste, dy’t yn’e winter fan 1959-1960 oer to litten. It punt kontrebusje wie ek net in beswierlyk punt, en wiene it gau oer iens, om dat op 1 goune to bringen.

It punt namme wie swierder mar nei lang kriemen kaem de namme ‘Set Troch’ út’e bus hwat allegearre ús goedkaring wei drage koe. De stimmerij wie ek yn ien kear beslikke. We woene earst trije der yn ha, mar om’t de earste kear fuort fjouwer mei de mearderhyd der ut kamen. Doe ha we sein fjouwer der yn. De stimming wie as folgt. G. Zaadstra 9, G. Eringa 6, Douwe de Boer 7, Tj. Dijkstra 7.

Alle fjouwer namen it oan yn dit foarlopich bistjûr, hwat dan komend jier wei ôf giet. Hjir mei wie der berne de keatsforiening ‘Set Troch’, ik hoapje dat ús foriening bijdrage mei oan ‘e sport libben yn Spannum en it keatsen yn Fryslân.

,, Set Troch ‘’ foriening
Keatsers ,, Set Troch ‘’

G. Zaadstra

Ereleden

K.F. Set Troch kent twee ereleden. Zij hebben deze eervolle titel te danken aan bijzonder diensten en/of meerjarige inzet voor de vereniging.

  • Gelf Eringa
  • Harm Jan de Boer